Home
Nieuws
Agenda
Informatie
Contact

Histoarysk Festival Súdwest

Sneon 25 septimber 2010 fan 10.00 oant 16.00 uur
mfs De Driuwpôlle Wâldsein

Sportseal - Tiden hawwe Tiden
Mear as tritich standhâlders litte yn de Sportseal sjen wat se yn ’e hûs hawwe op it mêd fan de histoarje fan de Súdwesthoeke. Fan autobus ta sikehûs, fan gemeente-argiven ta ark en reau, fan ferieningen oant museums, fan films en foto’s oant skaalmodellen en dokuminten, fan digitalisearingsprojekten oant partikuliere kolleksjes.

Sportseal - Smaakplein - âlderwetske smaken priuwe
Priuwe fan wat de bakker en koks út Wâldsein klearmakke hawwe. Alderwetsk lekker smûzje fan hapkes dy't klearmakke binne mei moal fan mole 't Lam en fan histoaryske fruitrassen en grienten.

Sportseal en foarste romte Grutte seal - Muzyk mei publyk
Janny Brandsma en Johan Keus fan it Sintrum foar de Keunsten en Ritmyk yn Snits noegje jo út om mei harren lieten fan froeger te sjongen. Earst mei syn allen oefenje yn de Grutte Seal en dan útfiering foar publyk yn de Sportseal.

Sportseal - Freark Smink, ferteller fan de Fryske kanon
Om 11.00 oere makket Freark Smink syn entree. De ferteller fan de Fryske kanon hat noch in nijsgjirrich stikje skiednis oer de Súdwesthoeke te fertellen. Mei syn alpino op 'e holle en de paraplu yn 'e hân komt hy dat noch even fertellen oan de besikers fan it Histoaryske Festival.

Efterste romte Grutte seal - Publyk op de Kyk
Lit jo op de foto sette yn âlde klean, troch Merijn van Veen. Yn âlderwetske klean dy't beskikber steld binne troch Teater Snits. De foto's wurde direkt yn kleur ôfprinte. Ien foto fan 10x15 sm. krije jo fergees mei. Wolle jo de foto yn in heechweardige kwaliteit tastjoerd krije, dan binne de kosten € 5,-.

Alde doarpssintrum Wâldsein - Kuierje troch Wâldsein - tsjerken en molen iepen
De Stichting Historische Kring Woudsend hat in kuier troch Wâldsein gearstald. By de yngong fan de Driuwpôlle is in plattegrûn mei rûte-beskriuwing te krijen.
Op de rûte komme jo by de Karmeltsjerke en de Michaëlstsjerke del en by de molen 't Lam en De Jager. De tsjerken en de molen binne iepen en der binne gastfrouwen of gasthearen dy't besikers dêr graach oer fertelle wolle.

Haven - Korneliske Ykes II
De Korneliske Ykes II is een rekonstruksje fan in houten ielaak sa as dy froeger op Ingelân farde. Ferline jier is it skip yn Heech te wetter litten en op 25 septimber is it yn Wâldsein te besjen.
Mei iepen bunnen farden skipper en bemanning mei ielaken sa as de Korneliske Ykes II út Fryslân wei nei London om dêr iel te ferkeapjen dy't hjir fongen wie. Ielaken wiene yn gebrûk fan de 17de oant it begjin fan de 20ste ieu.

Haven - Farre mei in pream wylst Mindert Wijnstra fertelt
Stap oan board fan de Wâldseiner pream fan Sigrid Boersma om in tochtsje te meitsjen oer it wetter om Wâldsein hinne. Op it wetter fertelt Mindert Wijnstra ferhalen-fan-doe.
De tochten begjinne om 10.30, 11.30, 13.30 en 14.40 oere.

Haven - It skûtsje fan Wâldsein
Yn haven 'De Rakken' lit de famylje Van der Meulen it Wâldseiner skûtsje sjen. Boud yn 1912, sylt it noch elk jier mei yn it SKS skûtsjesilen. Op it Histoarysk Festival kinne jo it skûtsje fan tichtby besjen.

Haven - Eelke Lok oer skiednis fan it skûtsje
Bemanningslid Eelke Lok, bekend fan Omrop Fryslân, fertelt oer de skiednis fan it Wâldseiner skûtsje.

Haven - Feiling âlderwetske griente en fruit
Boppedat treedt Eelke Lok om 15.00 oere op as feilingmaster by de ferkeap fan âlderwetske griente en fruit.

It folsleine programma kinne jo hjir dellade.

Terug naar Uitgelicht!

 

 

Website van Woudsend, alle rechten en afbeeldingen zijn van woudsendonline.nl.